Priis foar Seisstêdetocht

Dries Onclin fan de VVV mei de award
De lêzers fan it tydskrift FietsActief hawwe in 85 kilometer lange fytsrûte troch Súdwest-Fryslân útroppen ta winner fan de FietsActief Award Route fan 2012. Dizze seisstêdetocht begjint yn Snits en giet troch de gemeente Súdwest-Fryslân by seis fan de alve Fryske stêden lâns.
De tocht stie yn it augustusnûmer fan it tydskrift en krige de measte stimmen fan de lêzers. Foarsitter Dries Onclin fan de VVV Snits en siktaris fan de Vereniging Toerisme Promotie Súdwest-Fryslân hat de oarkonde dy't by de Award heart, yn ûntfangst naam.