NL-awards: 5 nominaasjes Omrop

12 feb 2013 - 11:48

Omrop Fryslân is 5 kear nominearre foar in NL-Award, de prizen foar de bêste produksjes fan alle regionale omroppen. Yn de kategory TV eftergrûn is Need op Freed nominearre mei it ynterview mei de broers en susters fan Marianne Vaatstra. By Radio faria giet it om Buro De Vries mei in searje oer Fryske emigranten yn Sweden en by TV faria om de Hea!-reportaazje oer de lêste alvestêdefytser.

Ek is der in nominaasje foar it skûtsjesilen 2012 op radio en tillevyzje yn de kategory eveneminten. Ek de dokumintêre oer Anne Zernike is nominearre.

De NL-Awards wurde op 13 maart útrikt. Omrop Fryslân is fan alle omroppen it faakst nominearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)