Lekkum helpt skoalle oan romte

It doarpshûs fan Lekkum wol de húsfestingsproblemen fan de skoalle yn it doarp oplosse, troch needlokalen te bouwen op it sportfjild by it doarp. It bestjoer fan it doarpshûs hat dit plan moandeitejûn presintearre oan de âlden fan de Professor Wassenberghskoalle.
Op de skoalle fan Lekkum sitte mear bern as yn de skoalle passe. 29 fan de 155 bern krije dêrom al les yn it doarpshûs, dat hjirfoar oanpast wurde sil. De skoalle hat lykwols mear romte nedich. It doarpshûs wol ek dêr yn foarsjen, troch lokalen op it sportfjild te bouwen.
De gemeente Ljouwert hat de skoalle wite litten gjin jild te hawwen foar nije lokalen yn Lekkum, mar is wol ree om mei te wurkjen oan in oare oplossing. As de skoalle te min romte hat, binne in pear groepen bern út Lekkum wolkom yn in leechsteand klaslokaal yn Ljouwert. De âlden en de learkrêften fan de skoalle yn Lekkum fiele dêr net folle foar. Sy wolle allinnich tydlik in groep yn Ljouwert ûnderbringe, en dan by foarkar ek sa koart mooglik, sa waard moandei dúdlik op in ekstra âlderjûn. Sy fine it belangryk om it doarpskarakter fan de skoalle te bewarjen.
It bestjoer fan it doarpshûs hat it each falle litten op it semy-permaninte needlokaal fan de eardere Impulse-skoalle, net fier fan Lekkum. It bestjoer fan it doarpshûs wol dit lokaal de kommende simmerfakânsje ferpleatse nei it sportfjild fan Lekkum. Njonken de skoalle kinne dan ek de sportferienings fan de nije akkomodaasje gebrûk meitsje. It doarpshûs wol de kosten fan de ferpleatsing beheine troch de ynset fan frijwilligers.