Protest tsjin elzesingels
36 bewenners oan de noardkant fan Feanwâlden binne lilk op de gemeente Dantumadiel. Dy wol elzesingels oan de râne fan it doarp delsette om de oergong fan it bûtengebiet nei it doarp minder hurd te meitsjen.
De bewenners binne benaud dat harren útsicht ferlern giet. Dêrom is in aksjekomitee oprjochte.