Bêste Milenniumgemeente

11 feb 2013 - 21:11

Tytsjerksteradiel is de bêste Fryske milenniumgemeente. Lanlik sjoen stiet de gemeente op plak 5. Dat docht bliken út de Kampanjemonitor fan de Feriening fan Nederlânske Gemeenten.

Mei-inoar hat Nederlân 144 milenniumgemeenten. Dy sette har yn foar ferskate doelen dy't yn it jier 2000 troch de Feriene Naasjes fêststeld binne. Neffens wethâlder Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel sil de gemeente de kommende jierren op deselde wize trochgean mei it heljen fan de milenniumdoelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)