Fjouwer ferwûnen by botsing

11 feb 2013 - 19:38

By in frontale oanriding op de Westersingel yn Ljouwert, binne moandeitejûn ferskate minsken ferwûne rekke. In autobestjoerder (20) út de stêd ferlear krekt foar de ôfslach Fonteinstrjitte de macht oer it stjoer en kaam op de ferkearde kant fan de dyk telâne. Dêr ried in autobestjoerster út Nes, Dongeradiel. In frontale botsing wie it gefolch.

De frou rekke troch de botsing mei har auto op it fytspaad. Dêr botste se op in frou (61) op 'e fyts. Dizze frou foel. In oare fytser, ek in ynwenster (26) fan Ljouwert, klapte op in parkearde auto.

Dizze frou kaam mei de skrik frij. Yn de auto fan de man út Ljouwert sieten noch trije oaren. Twa fan har rekken licht ferwûne. Lykas de bestjoerder moasten sy nei it sikehûs.

Trefwurden: 
botsing froulju snelheid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)