'Provinsje wol koartere baan'

11 feb 2013 - 17:30

De steatefraksje fan de PVV wol opheldering oer de plannen foar de Ljouwerter iishal. Ofrûne freed waarden de plannen foar de 400-meterbaan presintearre. Neffens de PVV is dat tsjin de winsk fan de provinsje. Dy soe oantrund hawwe op in 333-meterbaan.

De PVV seit ek te witten dat no al in fûns yn it libben roppen is om takomstige tekoarten fan iisstadion Thialf te dekken dy't ûntstean troch de konkurrinsje fan de baan yn Ljouwert. Deputearre Konst ûntkent dat sprake is fan in spesjaal tekoartfûns.

Konst seit dat wol neitocht wurdt oer in fûns, mar dat earst nochris goed ûndersocht wurde moat oft soks ek nedich is. Fierders ûntkent de deputearre oanstjoerd te hawwen op 333-meterbaan foar Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)