Opstappen paus is ferrassing

11 feb 2013 - 17:10

De abdikaasje fan de paus komt as in ferrassing foar de katolike mienskip fan Fryslân. Net ien hie ferwachte dat Benedictus de 16e opstappe soe. Moandeitemiddei makke de paus syn ôftreden bekend. Hy hat al in skoft lêst fan syn sûnens.

Pastoar Jos Deuling fan de katolike tsjerke yn ûnder oare Drachten hopet dat Benedictus werinnere wurdt foar syn boeken. Hy hat in soad skreaun oer Jezus. Neffens Deuling is it wol in stap dy't by him past. Hy hie earder alris oankundige syn wurk del te lizzen, as syn sûnens syn wurk yn it paad sitte soe.

Trefwurden: 
paus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)