Auto rydt bedriuw yn

Yn Eastersee is moandei in auto in bedriuw yn riden. De bestjoerder is dêrby ferwûne rekke. Hy kaam klem te sitten yn de auto. De man is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. It lânboumeganisaasjebedriuw oan de Hearewei hat skea oan de glêzen foarkant.
De meiwurkers fan it bedriuw binne bot skrokken. Neffens ien fan de wurknimmers gie it sa'n 100 meter foar it bedriuw mis mei de bestjoerder. Hy ried rjocht op it bedriuw ôf. Mooglik dat er net goed wurden is.