Ungelokken troch glêdens
De plysje hat sûnt sneintejûn acht meldings krige fan ûngelokken troch glêde diken. Automobilisten rekken dêrtroch de macht oer it stjoer kwyt en bedarren tsjin de fangrail of yn 'e sleat.
Yn twa gefallen moast in ynsittende nei it sikehûs brocht wurde. De ûngelokken wiene ûnder oare yn Aldskoat, Wurdum, Moarre en Nijeholtwâlde.