Wer fernielings yn folkstunen

11 feb 2013 - 13:29

By de folkstunen oan de Gemaalwei op 'e Lemmer binne it ôfrûne wykein wer dingen fernield. Dat barde freedtenacht én sneontenacht. It wykein dêrfoar wie it ek al safier. Dit wykein binne ruten fan kassen ynsmiten, hinnehokken iepenset en stekken fernield. De skea rint yn 'e tûzenen euro's.

De folkstúnferiening tinkt dat jongerein út de polder ferantwurdlik is foar de fernielings. Sy gean op 'e Lemmer op stap. Underweis nei de kroech ferniele se de boel by de folkstunen. De plysje sil der no faker delride by wize fan kontrôle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)