Untefreden oer skea fan heien

Omwenners fan de nijbou oan de Taconishô, heien, Af op It Hearrenfean binne oant no ta tige ûntefreden oer de ôfhanneling fan de skea troch heiwurk fan ferline jier. Sy fine it ûnbegryplik dat wenningboukorporaasje Accolade yn de jongste rapporten ûnkent dat by it heien grutte trillings west hawwe en dat der skea ûntstien is.
Oan de Taconishôf binne 75 hierwenten sloopt. Wenningstifting Accolade bout der 59 nije huzen. Dêrfoar wie heiwurk nedich, mar dat waard earst troch de gemeente en letter troch de rjochter stillein fanwege trillings.
Accolade sei de skea oan de âlde huzen te fergoedzjen, mar de praktyk is oars, seit buertbewenner Hielke Mulder. Tiisdei is der noch in petear mei wenningstifting Accolade oer de ôfhanneling fan de skea. Dêrom wol Accolade no ek noch net reagearje. Accolade seit wol dat der mei-inoar njoggen skeaclaims yntsjinne binne. Al dy gefallen binne neffens de korporaasje ûndersocht troch in ûnôfhinklik buro. Yn fjouwer gefallen is dêrút kaam dat der gjin skea wie. Fiif oare gefallen binne noch yn ûndersyk.