Personiel Ljouwerter byprate

11 feb 2013 - 11:18

De 750 wurknimmers fan de NDC Mediagroep wurde moandeitemiddei yn detail op de hichte brocht fan de oername. FB Oranjewoud, Je Maintiendrai en ING Corporate Investements nimme de NDC oer, sa waard freedtejûn bekend. NDC Mediagroep jout ûnder oare de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden út.

Foar it personiel brekt in spannende tiid oan. Der komt in reorganisaasje dy't in noch ûnbekend grut tal banen kostje sil. De bedriuwslieding wol dat plan yn de kommende hûndert dagen útwurkje.

Ien fan de dingen dy't effisjinter moatte, is de drukparse dêr't de Ljouwerter Krante, en ek it Frysk Deiblêd, op drukt wurde. De drukparse yn Ljouwert moat yn de takomst faker draaie as no. Der soene dus mear kranten en oare saken op drukt wurde moatte. Bart dat net, dan soe de drukparse earne oars komme moatte. Mar dêroer is ek noch neat wis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)