Drachtsters ferwûne yn Drinte

11 feb 2013 - 10:35

By in ûngelok yn it Drintske Een-West binne sneintejûn fjouwer minsken ferwûne rekke, ûnder wa trije jonges fan 18 jier út Drachten. Yn in bocht kaam de automobilist út Drachten nei alle gedachten op de ferkearde kant fan de dyk telâne. In auto bestjoerd troch ien út Mearum koe de Drachtsters net ûntwike. In frontale oanriding wie it gefolch.

Ambulânses en in traumahelikopter waarden ynset. De brânwacht hat ek holpen. Alle slachtoffers binne nei it sikehûs brocht. Der wurdt ûndersyk dien nei hoe't it ûngelok krekt bard is

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)