Fúzje katolike parochys fierd

© www.heiligejacobusparochie.nl
Yn de katolike Michaëltsjerke yn Harns is snein de fúzje fierd fan de parochys fan Dronryp, Frjentsjer, Harns en Sint Anne. It is de earste fúzjeparochy yn it bisdom Grins-Ljouwert. By de fiering gie biskop De Korte foar. Der wiene 400 parochianen.
De nije parochy hjit 'Hillige Jakobus de Meardere', fanwege de bannen dy't de regio hat mei dy hillige. De tsjerkegebouwen hâlde de eigen namme. Fan de 80 parochys yn it Noarden moatte yn 2018 njoggentjin oerbliuwe. Der binne hieltyd minder leden en dêrom is der ek minder jild.