Ekologysk rampeplan Waadsee

11 feb 2013 - 09:02

De Waadsee krijt as earste gebiet yn Nederlân in eigen ekologysk rampeplan. Yn gearwurking mei natuerorganisaasjes hat Rykswettersteat ôfspraken makke oer de oanpak fan oaljerampen yn gebieten dêr't gjin boaten komme kinne om de boel skjin te meitsjen.

De Waadsee is by leech wetter mar foar 25 persint te befarren, by heech wetter foar 55 persint. Yn it rampeplan stiet neffens Rykswettersteat en de Waadferiening dúdlik wat de bêste metoade is om oalje op see, op de bûtendykse pôlen of op de strannen op te romjen.

Mei kompjûterfoarspellings kin bepaald wurde hokker gebieten bedrige wurde. Op basis fan it gebiet en de fersmoarging, wurdt de krekte bestriding bepaald. Yn guon gefallen is it better om neat te dwaan, omdat bestriding mear skea oanrjochtet as de fersmoarging sels.

Trefwurden: 
Waadsee rampeplan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)