Aris wint by Amsterdam

10 feb 2013 - 20:09
Aris Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Aris Ljouwert hat mei in 85-80 oerwinning by Apollo Amsterdam foar de fjirde kear dit seizoen in útwedstriid wûn. Nei in stroefe start, it earste kwart gong mei 27-22 nei de thúsploech, makke it team fan Erik Braal it ferskil. Healwei stie Aris krekt op foarsprong (44-46), dêrnei rûn de ploech fierder út. Mei in marzje fan 15 punten begûn it lêste kwart. Amsterdam, de nûmer foarlêst, woe gjin belies jaan en kaam hurd tichteby. Nei 75-78 pakte Aris de tried wer op. De ploech stiet no op it fiifde plak yn de basketbal league.

Samme Givens wie mei 23 punten de tûkste Aris skutter.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)