De Granaet is fokusferiening

Kuorbal © ANP XTRA
Kuorbalklup De Granaet út Dokkum is troch it kuorbalbûn KNKV oanwiisd as fokusferiening. Mei de status fan fokusferiening krijt de klup ekstra stipe by it wiermeitsjen fan har groeiambysjes. De Dokkumer kuorbalferiening seach it ledetal it ôfrûne jier mei rom 20 prosint tanimmen. Sneon is yn sporthal De Trimmer de gearwurkingsoerienkomst offisjeel ûndertekene.
It fokusprogramma is troch it KNKV yn it libben roppen om ynfolling te jaan oan de ambysje om yn de kommende jierren in ledegroei te realisearjen.
Yn elk distrikt hat it KNKV 5 oant 8 ferienings oanwiisd foar yntinsive stipe by it winnen fan nije leden. De Granaet út Dokkum krijt in foarlûkersrol yn de regio.