Ferwûne by botsing yn Ljouwert

10 feb 2013 - 13:15

By in botsing yn Ljouwert is sneontejûn in automobilist (19) út Ljouwert licht ferwûne rekke. Op de Biltsestrjitte ferliende hy gjin foarrang oan in automobilist (52) út Ljouwert. It slachtoffer is yn it sikehûs behannele en mocht doe wer nei hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)