ME grypt yn nei wedstryd

10 feb 2013 - 11:41

De plysje hat sneontejûn nei de wedstryd Hearrenfean-Venlo njoggen minsken oanhâlden. Surveillearende ME-ers seagen nei ôfrin fan de wedstryd in groep manlju nei de Nieuwstraat rinnen. Dy woene yn in kroech de konfrontaasje sykje mei de minsken dêr. De ME grypte gau yn. Mei help fan pepperspray en de wapenstok waard foarkaam dat de minsken yn it kafee de strjitte opkoene. De oare groep, bûtendoar, waard fuortdreaun, ek mei de wapenstok. De ME hâlde njoggen fertochten oan, allegear út Ljouwert en omjouwing. Se binne fêstset op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)