Ynbrekkers knippe kabels troch

Twa noch ûnbekende manlju ha sneontenacht besocht yn te brekken yn in supermerk oan de Badwei op De Gordyk. It alarm wie ôfgien en twa meiwurkers fan de winkel wiene dêrom nei de saak gien. Se seagen twa manlju yn in auto stappen en hurd fuortriden. De twa hiene achter de winkel in skeakelkast iepenbrutsen en in pear kabels trochknipt. De hiele winkel siet sadwaande sûnder stroom. Der is noch socht nei de fertochten, mar dy binne net fûn.