"Konst seit net de wierheid"

10 feb 2013 - 10:48

De provinsje Fryslân soe ynstimd ha mei it produsearjen fan mear wynenerzjy as at earder ôfpraat is yn it ynterprovinsjaal oerlis. Dat seit de fraksje fan Friese Koers yn provinsjale steaten. Friese Koers hat nei kontakt mei it ynterprovinsjaal oerlis heard dat Fryslân akkoart gien is om mear wynenerzjy te leverjen, sadat de lanlike doelstelling helle wurdt. Ek oare provinsjes ha sa'n tasizzing dien. Mar deputearre Konst hat neffens Friese Koers ûntkend dat Fryslân akkoart gien is. De steatefraksje is lulk en beskuldiget Konst fan leugenjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)