Helte Friezen foar KH 2018

19 des 2011 - 09:31

De helte fan de Friezen is der foar dat Ljouwert meidocht oan de striid om Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018 te wurden. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder de dielnimmers fan it opinypanel fan Omrop Fryslân en EenVandaag. Oan it ûndersyk hawwe 1107 Friezen meidien.

Ut it ûndersyk docht bliken dat 80 % fan 'e Friezen bekend is mei it begryp Kulturele Haadstêd. Fyftich persint fan 'e dielnimmers fynt it in goed plan dat Ljouwert him kandidaat stelt as kulturele haadstêd, wylst 37 % dêrop tsjin is.

De helte fan de dielnimmers hat der wol muoite mei dat de provinsje Fryslân mear as twa miljoen euro beskikber stelt. Ut it ûndersyk docht ek bliken dat mear as de helte fan de Friezen, 54 persint, ferwachtet dat Fryslân op toeristysk mêd flink profitearje sil fan de eventuele ferkiezing fan Ljouwert ta Kulturele Haadstêd 2018.

De Friezen skatte de kânsen fan Ljouwert minder yn as dy fan de oare stêden dy’t meidogge oan de striid om de titel Kulturele Haadstêd. De measte dielnimmers oan it opinypanel fan Omrop Fryslân en EenVandaag, 31 persint, ferwachtsje dat Maastricht de grutste kâns hat om Kulturele Haadstêd te wurden. 19 persint tinkt dat Den Haach de titel krije sil, 12 persint ferwachtet dat Utrecht beneamd wurdt en mar 11 persint tinkt dat Ljouwert Kulturele Haadstêd wurde sil.

De folsleine útslach fan it opinypanel fan Omrop Fryslân en EenVandaag is werom te finen op de site http://www.omropfryslan.nl/opinypanel. Provinsjale Steaten stimme op woansdei 21 desimber oer de kandidaatstelling fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018. De steategearkomste is fan 10:00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op www.omroplive.nl.

Trefwurden: 
KH2018 opinypanel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)