Man wol reklameboerd stelle
De plysje hat sneontenacht yn de Alde Doelesteech yn Ljouwert in man fan 23 út Koarnjum oppakt fanwege stellerij. De man hie earder dy nacht yn in kroech in reklameboerd stellen. Doe't er fuortgie, ûntduts de portier dat de man dat boerd ûnder syn jas hie. De plysje waard ynskeakele en de man is meinaam nei it buro. Dêr is er fêstset.