Knegt wint B-finale 1500 meter

Sjinkie Knegt © awfoto.nl
Sjinkie Knegt hat by de wrâldbekerfinale yn it Dútske Dresden de B-finale fan de 1500 meter wûn. De Bantegeaster naam mei noch fjouwer rûntsjes te gean de kopposysje yn en joech dy net mear ôf.
De winst yn de B-finale is in moaie revâns foar de teloarstellende heale finale yn de A-groep. Dêr koe Knegt gjin rol fan betsjutting spylje yn de striid om de finaleplakken. Hy makke healwei in útgliderke en waard fjirde.