ONS Snits werom op kopposysje

09 feb 2013 - 16:53

ONS Boso Snits hat sneon op eigen fjild de kopposysje werom pakt troch mei 2-1 te winnen fan WHC. Al nei ien minút fersulvere Sandor van der Heide in strafskop, neidat Jurjen Bosch ûnderút helle wie yn de 16 meter. De gasten út Wezep krigen genôch kânsen op de lykmakker, mar hienen it fizier net op skerp.

Fuortendaliks nei rêst ferdûbele Van der Heide de marzje mei syn twadde treffer. De oanslutingstreffer fan WHC brocht de spanning lykwols hielendal werom yn de wedstriid. Danny Kamstra hie de bêste kâns op de 3-1, mar hy miste.

Troch de winst nimt ONS de kopposysje yn de sneonshaadklasse C wer oer fan Berkum. Ferline wike ferspilen de Snitsers de lieding doe't mei 3-1 ferlern waard fan de nûmer lêst HZVV.

Trefwurden: 
fuotbal ONS haadklasse c
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)