Kramer pakt nij baanrekôr 5 km

09 feb 2013 - 14:30

Sven Kramer hat sneon opnij sjen litten dat er yn topfoarm is. Hy wûn de 5 kilometer by de wrâldbekerwedstriden yn Inzell mei oermacht. De rider fan Aldskoat sette in nij baanrekôr fan 6.11.76 yn 'e boeken. Bob de Jong waard twadde yn in tiid fan 6.14.08. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn waard tredde yn 6.14.55.

Troch de winst is Kramer wis fan in ticket foar de 5 km by it WK ôfstannen, dat plakfynt fan 21 oant en mei 24 maart yn it Russyske Sochi.

Yn it wrâldbekerklassemint fan de lange ôfstannen giet Bergsma mei 320 punten oan de lieding. Kramer, dy't alle 10 kilometers by de World Cup sjitte lit, hat 300 punten.

Kramer komt snein net yn aksje op de 1500 meter. Mei it each op it WK allround fan takom wykein yn Hamar fynt er ien ôfstân dit wykein mear as genôch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)