Huizenga en Stroetinga nei WK

Hurdfytsers Jenning Huizenga fan Frjentsjer en Wim Stroetinga fan Aldeberkeap binne troch bûnscoach René Wolf útkeazen foar it WK Hurdfytsen op de baan. It WK wurdt ferriden fan 20 oant en mei 24 febrewaris yn it Russyske Minsk.
Huizenga komt yn aksje op it ûnderdiel yndividuele achterfolging. Stroetinga stiet oan de start by de puntekoers en it ûnderdiel koppelkoers.