Oerlis oer MFA-gebou Blije

09 feb 2013 - 11:25

De gemeente Ferwerderadiel wol sa gau mooglik in oplossing foar de multyfunksjonele akkomodaasje yn Blije. Dat seit wethâlder Hijma fan 'e gemeente. Freed die bliken dat it doarpsgebou noch net iepen kin, wylst it wol klear is. It probleem is dat it doarp noch in bedrach fan 125.000 euro betelje moat.

Yn de tuskentiid kinne guon aktiviteiten net trochgean. Der driget aanst ek gjin plak mear te wêzen foar de húsdokters yn Blije. De gemeente sil moandei mei ynwenners fan Blije oer de saak oerlizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)