Fertochte manlju mei bûslampen

Buertbewenners fan De Polle yn Wolvegea hawwe ôfrûne nacht mooglik in wenningynbraak foarkomme kind. Se seagen twa manlju rinnen mei bûslampen. Om't de buertbewenners it net fertrouden, bellen se de plysje. Dy fûn earst gjinien, mar net folle letter waard de plysje nochris belle. Oare tsjûgen hiene in auto mei de ljochten út fuortriden sjoen.
Op de N351 by Scherpenzeel koe de auto achterhelle wurde. De ynsittenden foldienen oan de beskriuwing fan earder dyselde nacht. Se binne oanhâlden.