Piet Kroes út The Voice Kids

09 feb 2013 - 08:08

It is de 14-jierrige Piet Kroes út Aldegea net slagge om de finales fan it RTL programma The Voice Kids te heljen. Hy siet yn it team fan sjonger Marco Borsato, dêr't ûnder oare ek kandidaten mei musicalûnderfining yn sieten.

Freedtejûn moast er it yn in rjochtstreekse 'battle' opnimme tsjin syn teamgenoaten. Dit helle er net, wêrtroch er de show ferlitte moast. Piet Kroes waard yn 2011 noch twadde by it jongere-sjongfestival Sjong.

Trefwurden: 
RTL Piet Kroes The Voice Kids
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)