Ferkeap NDC mediagroep rûn

08 feb 2013 - 23:23

De ferkeap fan de NDC mediagroep, is sawat in wike letter as ferwachte einlik rûn. Freedtejûn binne de ûnderhanneljende partijen ta in akkoart kaam. It bedriuw komt definityf yn hannen fan trije partijen, FB Oranjewoud (foarhinne Fryslân Boppe), de âld-grutoandielhâlder fan NDC media, Je Maintiendrai, en ING Corporate Investments.

De befestiging fan de oername kaam freedtejûn let fan Jorrit Volkers fan FB Oranjewoud en fan de beide haadredakteuren fan de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden, Hans Snijder en Pieter Sijpersma.

De saak like tiisdei al yn kalk en semint mar doe kaam der in kink yn de kabel. Neffens Jorrit Volkers hie dat benammen te krijen mei de hurde opstelling fan ING. Mar trije dagen letter is de oername no dochs in feit. De krekte ynhâld fan de oerienkomst is noch net bekend. FB Oranjewoud krijt krekt gjin 50% fan de oandielen, ING Corporate Investment 33% en Je Maintiendrai 17%. De NDC mediagroep is ûnder oare útjouwer fan de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden.

De petearen oer de oername duorren langer om't ûnderhannele wurde moast oer in saneamde 'carve-out-situaasje'. Dêrtoch komt de NDC út de holdingstruktuer. Oranjewâld en ING woene earste garânsjes hawwe foar't se akkoart giene mei dy carve-out-konstruksje. Der is noch neat bekend oer it tal minsken dat derút moat. Mar dat der wurknimmers fuort moatte is wis. It personiel wurdt moandeitemiddei om 1 oere bypraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)