WOZ-proses djoer foar gemeente

08 feb 2013 - 19:58

De gemeente Achtkarspelen moat yn totaal hast 35.000 euro betelje oan 41 ynwenners fan de gemeente. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert freed útsprutsen. De ynwenners hiene beswier yntsjinne tsjin de WOZ-oanslach en se hawwe gelyk krige. Mar de gemeente wegere de proseskosten dy't de ynwenners makke hiene te fergoedzjen.

Dat wie ûnterjochte, stelde de rjochtbank freed fêst. Tsjin de gemeente rinne noch 61 oare beroppen oer deselde kwestje. Yn Fryslân giet it mei-inoar om likernôch 250 beroppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)