Thialf net bang foar Ljouwert

08 feb 2013 - 17:25

Thialf hâldt rekken mei in omsetferlies fan ien oant oardel ton yn it jier as Ljouwert in 400 meter baan krijt. Dat seit Thialf direkteur Eelco Derks yn reaksje op it beslút fan provinsjale steaten om foar in nije hal yn Ljouwert 10 miljoen euro beskikber te stellen. Dêrmei liket de bou fan in 400 meter baan yn de Fryske haadstêd sa goed as wis. Derks tinkt dat in tal rekreanten yn de takomst foar Ljouwert kieze sil yn plak fan Thialf. Mar hy is net bang foar dy konkurrinsje. Neffens him is it kontakt en de gearwurking mei Ljouwert prima.

Trefwurden: 
Ljouwert Thialf iisbaan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)