Frou oerfallen op strjitte

Plysje-embleem © ANP
In frou (22) op de fyts is freed yn Ljouwert oerfallen. Se fytste by de Gedempte Keizersgracht doe't twa jonges har twongen om te stopjen. It duo hie mûtsen op en sjaals foar it gesicht. Ien fan har pakte it stjoer fan de fyts beet en de oare bedrige de frou mei in fjoerwapen of in ding dat derop like. De jonges makken lytsjild en in identiteitskaart bút en naaiden út.