Himpkwekerij yn Harns fûn

08 feb 2013 - 16:47
Foto: ANP XTRA

Yn in kuolsel yn in loads yn Harns hat de plysje freed in himpkwekerij ûntdutsen. Der wie in anonime tip binnenkaam. Yn it gebou oan de Koningswei stienen 742 planten. Dy binne mei de apparatuer yn beslach naam. De stroom waard yllegaal ôfnommen. De plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
Harns plysje himp
(advertinsje)
(advertinsje)