El Ghanassay spilet tsjin VVV

08 feb 2013 - 16:12

Hearrenfeanspiler Yassine El Ghanassy stiet nei alle gedachten sneon yn de wedstriid tsjin VVV yn de basis. De hierling, dy't ferline wike oerkaam is fan West Bromwich Albion, trainde neffens trainer Marco van Basten hiel goed mei. El Ghanassy spilet dan op it plak fan Van La Parra. Gouweleeuw en Zomer binne skorst, wêrtroch't Kum en Van der Berg sintraal yn de ferigening spylje. Zuiverloon spilet dan rjochtsachter. Op it middenfjild nimme Kums, Marecek en De Roon plak. VVV stiet op dit stuit 17e mei sân punten minder as Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)