Sjauffeur mei drank oanhâlden
In bestjoerder (46) út Bakkefean hat tongersdeitenacht it rydbewiis ynleverje moatten. Op de Nanningawei yn Easterwâlde ried er mei hege faasje en mei knipperjende ljochten in plysjewein temjitte. It die bliken dat de man dronken hie.
Hy hat in proses-ferbaal krigen.
Trefwurden:
plysje