Nije MFA Blije noch net iepen

08 feb 2013 - 11:48

De nije multyfunksjonele akkommodaasje yn Blije kin noch net iepen. It doarp moat noch mei jild oer de brêge komme. It MFA hat 1,8 miljoen euro koste en is klear om oplevere te wurden. De gemeente wachtet noch op 125.000 euro fan it doarp. Earder kin it nagelnije gebou net oerdroegen wurde, sa lit wethâlder Hijma fan Ferwerderadiel witte. Tongersdei wie der in ynformaasjegearkomste foar de doarpsbewenners. De gemeente sil gau wer mei it doarp prate om de problemen op te lossen. It hjoeddeiske doarpshûs is al ferkocht en slút 1 maart.

It doarp hat dat jild net. Nije wike sil in delegaasje út it doarp nei de gemeente om út te finen wat krekt it bedrach is dat se oermeitsje moatte foardat se gebrûk meitsje kinne fan de MFA. Dêrnei sille se op 'e nij om tafel mei de gemeente om gau in oplossing te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)