Burdaarder stekt auto yn brân

08 feb 2013 - 11:33

In ynwenner (53) fan Burdaard is tongersdeitenacht oanhâlden op fertinking fan brânstichting. De plysje hie melding krigen fan in autobrân op it Reidfjild by Tytsjerk. De plysje brocht omwenners fuort yn feilichheid. De brânwacht hat it fjoer útmakke en dêrby sprong in wetterlieding ûnder de rydbaan. In part fan de strjitte rekke ûnder wetter. De skea is fuort makke. Nei't de plysje mei tsjûgen praat hie, waard dúdlik dat it om brânstifting gie. De Burdaarder is dêr yn Ljouwert foar oppakt en nei it buro brocht.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)