Dronken tsjin auto's botst
In 72-jierrige automobilist is tongersdeitejûn by Diken syn rydbewiis kwytrekke. Hy ried mei drank op en wie nei in botsing trochriden. Earder dy jûn wie er yn Snits tsjin in tal parkearde auto's botst. Tsjûgen bellen de plysje en dy koe de bestjoerder letter oanhâlde. De man út Skarsterlân hat in proses-ferbaal krigen.
Trefwurden:
plysje