Duo pakt foar stellen fan tas

08 feb 2013 - 11:09

Twa Drachtsters binne tongersdei oanhâlden doe't se in tas stellen. De jonge (16) en frou (26) hienen de tas stellen fan in frou (22) út Grins dy't yn in supermerk oan De Drift wie. De stellerij is fêstlein op kamera. Troch de dúdlike bylden koe de plysje it duo oppakke. De plysje ûndersiket oft se mooglik ferantwurdlik binne foar meardere stellerijen yn in sintrum fan Drachten.

Trefwurden: 
Drachten plysje stellerij
(advertinsje)