Skoalbern siede Frysk iten

Learlingen fan de kristlike skoalmienskip Liudger yn Burgum siede freed iten mei tv-kok Reitse Spanninga. It giet om in groep fan 15 bern fan 3 havo/vwo. Se dogge dit foar it fak Fryske kultuer, dat ûnderdiel is fan it meartalich ûnderwiis. By dizze ûnderwiisfoarm wurde de fakken jûn yn it Nederlânsk, Ingelsk en Frysk. De learlingen siede Fryske gerjochten en ha sels de útnoegings en de menukaart yn it Frysk makke.