Aldere man ferjaget ynbrekker

In 81-jierrige ynwenner fan Grou hat tongersdeitejûn in ynbraak yn syn hûs foarkomme kinnen. Hy hearde dat in rútsje iepenbrutsen waard. Letter seach er dat in persoan fia dat rút yn 'e hûs komme woe. De bewenner sloech de ynbrekker mei in hammer op de foet. De ynbrekker naaide doe út. De plysje siket tsjûgen dy't mooglik in strompeljende man sjoen hawwe om goed 20.00 oere yn de omjouwing fan De Foarplecht.