Testdei foar nije strânwachten

08 feb 2013 - 09:00

Yn Amsterdam is freed de earste seleksjedei foar nije lifeguards. De KNRM siket hûndert nije strânwachten foar de eilannen foar de kommende simmer. Op alle Fryske eilannen binne se aktyf en alle jierren moatte der wer nije minsken fûn wurde dy't oer de feilichheid fan de swimmers wake. De dielnimmers moatte ûnder oare 400 meter swimme binnen acht minuten om sjen te litten hoe fit oft se binne.

Trefwurden: 
KNRM eilannen strânwachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)