Bou brede skoalle Skylge mei

08 feb 2013 - 08:48

De bou fan in brede skoalle op Skylge kin nei de simmerfakânsje begjinne. It bestimmingsplan West-Skylge Dennenweg is definityf wurden, no't de Raad van State sein hat dat beswieren dêrtsjin net terjochte binne.

Begjin juny is der noch in gearkomste mei oannimmers en omwenners om te sjen hoe't oerlêst troch de bou beheind wurde kin. De skoalle wurdt boud troch Friso Bouwgroep út Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)