Winterneedopfang Zienn iepen
Yn ferbân mei de oankondige froast giet freed de winterneedopfang fan Zienn wer iepen. Dat betsjut dat minsken dêr fergees sliepe kinne en dat der sa noadich bêden bysetten wurde.
It is al de tredde kear dizze winter dat de winterneedopfang iepengiet. De foarige kearen wiene der gemiddeld sa'n 45 sliepers.