Grutte oarder foar OrangeGas

07 feb 2013 - 21:51

It Fryske bedriuw OrangeGas hat in kontrakt fan 2 miljoen euro binnenhelle. Se sille de kommende jierren it WMO-ferfier yn de regio's Grinslân en Noard-Veluwe op grien gas ride litte.

It bedriuw OrangeGas bestiet sûnt 2008 en iepenet hast alle moannen in nij fulpunt fan grien gas. Dêrmei binne se in grutte groeier op de merk fan duorsume brânstof.

Trefwurden: 
Orangegas Wmo-ferfier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)