"De tsjerke moat wer opboud"

De Stichting het Cuypersgenootschap pleitet foar it wer opbouwen fan de ôfbaarnde Clemenstsjerke op It Amelân. De Stichting is skokt troch it nijs dat it monumintale gebou ôfbaard is. De tsjerke wie fanwege de arsjitektuer ien fan de meast weardefolle monuminten fan it eilân. De stichting pleitet der by de gemeente dan ek foar om it gebou wer op te bouwen.
Neffens de stichting binne der genôch monumintale resten oer om de tsjerke wer op te bouwen. De oarspronklike boutekeningen lizze noch yn it argyf yn Rotterdam.