Gjin krimp by de kappers

07 feb 2013 - 19:28

De kappers lykje net al te folle lest te hawwen fan de ekonomyske krisis. Der sit sels in lichte groei yn de omset fan de bransj. Dat seit bestjoerslid Martha ten Hoeve fan kappersorganisaasje ANKO út Aldskoat. De ANKO die koartlyn wiidweidich ûndersyk nei de stân fan saken yn dy bransj.

It ûndersyk lit wol wichtige ferskowings sjen. Gruttere kapsalons wurde grutter, ienmans- en ienfrousaken hawwe it dreech en der komme hieltiid mear ambulante kappers. Op 'e tiid ynvestearje en goed bybliuwe is wichtich, sa seit Ten Hoeve.

Ten Hoeve fynt it wol hiel spitich dat hieltiten minder jonges foar it kappersfak kieze. Ek de kappersfakskoallen hawwe hast gjin manlike studinten. Sieta de Rooy fan It Hearrenfean is in suksesfolle ambulante kapster mei trije auto's op de dyk. Sy betsjinnet hiel ferskillende doelgroepen lykas húshâldings fan twatsjinners, moslima's dy't it hier net oan manlju toane wolle en minsken dy't net maklik nei in kapsalon reizgje kinne. Dêrnjonken sil De Rooy de kommende maaitiid in nije kapsalon iepenje op It Hearrenfean, dy't fiif dagen yn 'e wike moarns, middeis en jûns iepen is. Ek Ten Hoeve is oan it ynvestearjen yn har kapsalon yn Aldskoat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)